De Paraglider II
Mei in ôfgriiselike grutte rêchsek stiet hy midden yn de keamer. Ùs paraglider sil (wer) nei Afrika. Hy is in fanatyk fleaner. Al wiken fan tarieding binne foarby gong. In heal jier allyn hat er fleantickets bestelle. “Dat skeelt my hûnderden euro`s…“, seit er. Fan alles waard troch de besteltsjinst by ùs thus besoarge. Ûnwiis grutte doazen stiene yn ‘e gong, wy koene amper by`t hùske komme. “Moat it nò sa?”, sei myn man wol es.
It is safier: hy komt noch efkes ofskied nimmen. Jûns let wurd er skille; “Ik bin yn `t hotel oankaam, hear.” De oare moarns kry ik in sms-ke: “Ik stap nò yn`t fleantuch, hear!”
Besoarge âlders dy him fan alles gunne, bliuwe achter. Ik tink oan de âlders fan André Kuipers. Hoe soene sy hun fielle?
3.064
Mear fan dit:
Category:
De Famylje, Op stap
Oh, laat ze jeugd maar vliegen.
Avontuerlike bern hawwe jo!