Humoristysk
“As mem in humoristysk andert jout moat mem in laitsjend kopke der by sette. In smiley.” “Hoe doch ik dat en wer kin ik dy smiley fine?” sis ik. “En werom moat dat? Wurden sizze mear as symboalen. As ik fyn dat it humoristysk is dan ha ik der nèt tekens by nedich.”
“Mar dat is wat oars. Op internet is it gebrûklik“, seit er; “En èk as minsken tsjintwurdich wat grappichs sizze, dan wurd er sein: in grapke, hear!” “Mar,” sis ik; “dit is elektroanysk. Wy sjoche mekoar net yn ‘e eagen dus moatte wy it mei wurden dwaan.“
Ach… eartiids leine wy al dûbbel foar dat de oare ùtpraat wie sûnder symboalen. Mar ik wol graach noch wat leare en him net ôffâlle dus sis ik: “Wer fyn ik dan san laitsjend kopke?” Foar de safolste kear leit hy it ùt wat ik dwaan moat. Wat moat hy in geduld hawwe mei dit minske.
Der giet dochs neat boppe wiere humor yn eigen taal fan mins ta mins sûnder al dy babbelegûchjes? As soe de tiid my ynhelle ha…
Voor mij is een laitsjend kopke hetzelfde als lachen om je eigen grap.
Heb hem bij jou niet nodig hoor, maar hij staat er wel erg leuk 🙂
Humoristen verstaan elkaar ook zonder woorden, leuk dat jij dat ook verstaat dan heb ik een geestverwant…
Landgenoten, memmeminske, ik kom ook uit Friesland…
Dan binne wy ûnder eigen folk,sei ùs mem altyd 🙂