Lego
In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne.
Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn ‘e doek en de oare de rjochter earm. In famke dat mei in pynlik gesicht neist my sit, andert op myn fraach: “Ik ha myn kaaibonke brutsen.” De frou neist har freget; “Wat is dat?” “Zij heeft haar sleutelbeen gebroken.“, seit de heit ferûntskuldichjend; “Sy hat in Hollânske mem, sjoch. Mar ik wol dat sy Frysk praten leart.“
Ynstimmend knikke de minsken om him hinne. Ien foar ien wurde de oanwèzigen oproppen. De wachtkeamer rint aerdich leech. Mei daverjend geweld falt de toer om. It jonkje hat al lang wer wat oars sjoen dat him yn de besnijing hâld.
En mei it omroppen fan ùs namme betink ik my; “Wie it libben maar sa simpel as Lego. Dan koene wy hieltyd wer opnij begjinne…”
Ja, mooi, wat zou dat heerlijk zijn, en dan ook nog bouwen naar eigen inzicht.
Op schone grond gebouwd en beschermd tegen kwade elementen die het huis wat kunnen aandoen.
it libben libje nei eigen ynsicht is tuorke bouwe fan (lego) stientsjes;-))
Wat in moaie sizwize !
Ik kom ùt in doarp fan “Tuorkemjitters” dus dit sprekt my òsa oan:-)
Ah, Tsjom! Jo binne in greidhoekster;-))
Nè hear,dat binne lyntsjesnijders. Ik bin in tuorkemjitter:-)
Google… aha, it is Aldeboarn!
Ja,ik bin in greidtsjer, ik kom ùt it moaiste doarp fan Fryslân Âldeboarn.
Jaja, dat seit fansels eltsenien fan har/syn bertedoarp;-)).