Technyske depresje

Fynst sto it hjir ek sa kâld?” freegje ik myn man. It is sneontemoarn. In noflike moarn; wy moatte neat.

Mar hjoed is it oars. De ferwaarming docht it net en dat mei 10 graden ûnder nul. Ik wol nei de steuringstsjinst skilje mar de telefoan docht it net. Dea as in wjirm. Wy hawwe juster in telefysje kocht. Kreas ynstalleare troch in monteur fan it bedriuw. Neat op oan te merken. Dat mânske ding hat ùs gâns wat jild koste.

Mar dan. Hy giet wol oan mar gjin byld. En dan slacht by my de panyk ta. Ik kin in soart ha mar mei elektryske dingen dy it ferhippe… dan wurd ik in oar persoan. Ik skilje mei myn mobyle it enerzjybedriuw yn Drachten. It hiele muzykrepertoir wat sy yn ‘e hûs ha raast troch myn holle mar gjin reaksje. Dan seit myn man; “As wy no es skilje mei dy telefysjesaak. Miskyn kin dy helpe.

Nei myn ferhaal oanheard te hawwen seit de man rèstich; “De wrâld fergiet net, frou.”  Efkes letter sit de monteur oan ‘e kofje. Yn koarte tiid docht de telefysje it. Dan sjocht er nei de ferwaarming. Dy is beferzen. Mei in föhn is dat gau wer ferholpen. En yn de telefoan sitte ferkearde batterijen .

Wat binne er dochs aerdiche handiche minsken. Dizze jongeman woe ik wol as skoansoan ha. Mar ja, wy hawwe gjin dochters. Myn technische depresje is oer. Alles docht it wer.

Wost noch in bakje, jonge?

LÊS EK:  Deilis
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>