“Ik kom thus hear en ik nim noch wat minsken mei want dit fenomeen kinne se hjir net.” seit de dochter ùt Thailân; “Soarget mem foar de slieperij en iten?“
Myn freondinne en ik sitte tegearre oan de kofje. En kinne er net oer ùt: dy heisa om de Alvestèddetocht . “Wat wie dat eartiids oars.” seit se; “Myn broers ha him ek riden mei gewoane dikke klean oan. Lange ûnderbroeken en de Hepkema en de Ljouwerterkrante foar de teare dielen. En nò ha se ùtbalanseare lichtgewicht pakken oan en dan noch dy klapredens! Ùs houtsjes hingje nò as trofee oan de muorre. “
En sa gean wy noch in skofke troch en fernuvereje ùs oer de tiid fan hjoed de dei. “Mar,” sis ik; “Ast it goed beskôgest, dan sitte er ek moaie siden oan. De minsken binne hiel oars as by it foutbaljen. Hjir is noait rotsoai by en ien en al entûsiasme.“
Lit ùs dan mar oer de hiele wrâld gean. It is fantastyske reklame foar Fryslân. En der binne wy dochs grutsk op? Mei in Bearenboarchje toaste wy op in tige slagge Alvestèddetocht.
bron foto: NRCnext