Evaluerje

“Jonges,” seit Tiden hawwe Tiden; “wy moatte evaluearje oer juster. Sis mar neiprate.

Wy geane sitten. Tiden hawwe Tiden oan it haad fan de tafel. It toetsenboard yn`t midden en de mûs -sa as it heard- op it ein, by it skerm. “Hoe fûnen jimme it feest juster?“, freget it haad. “Tige moai.” sizze wy; “it wie ek goed fersoarge.” seit de mûs; “alles der op en d`r oan.” “Mar..“, seit it toetsenboard; “do gongst wat te fier mei de Boerenjonges. Do kinst gjin mjitte.” “Nò,” seit de mûs; “do koest er ek wat fan mei dy advocaat mei slachrjemme.

Ophâlde,” seit it haad; “it giet om wichtiger saken.” Se giet fjirder; “Wat ha wy in reaksjes hân. Net te begripen.” Ja,” seit it skerm; “ik wie der hast oerspant fan. Sawol ùt ùs lân as fan Friezen om ùtens.” “Nò. Genoch praat..“, seit it haad; “wy moatte oan it wurk. Ik ferwachtsje fan jimme in soart iver en tagedienens en tink derom: it giet om de ynhâld.

Nei dit evaluerjen giet eltsen ien nei syn eigen plak. It hat goed west ;-D

LÊS EK:  Mankelikens (2)
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>