High Tech
“Wat hast in moaie brommer.“, sis ik tsjin it famke. Flak foar myn fuotten bliuwd se stean.”It is in scooter, hear.“, laket se. “O,” sis ik; “alles is by my in brommer. Mar wat in moai ding. Wat is hy fleurich yn `e ferve.” “Ja,” seit se; “ik ha der hiel wat foar ôfwrotte moatten.“
Ik sels bin ûnderweis nei `t tsjerke en gean lâns it stasjon. It is ien grutte rotsooi; bergen fytsen lizze oer elkoar hinne. De jeugd is justerjûn te stappen west en hat fan it fytsenterrein in boarterstùn makke. It frommeske hat de tiid en en ferhellet hoe sy de scooter yn har besit krigen hat.
“Fertrouwst it wol om yn dizze binde it ding te parkearen?” freegje ik har. “Nè,” seit se; “myn hightech helm fan in pear hûnderd euro is ek al stellen.” “Kom mar mei,” sis ik; “set him mar by ùs achterhûs del. Dèr is plak genoch.” En sa rinne wy efkes letter werom nei hûs; in unbekind frommeske, in scooter en ik.
Ik hoopje net dat Clara en Coen op my wachtsje sille, want dit giet foar….
Soms komen er andere zaken op je pad.