“Lokwinske, hear.“, sis ik tsjin de oanwèzigen. Ik jou se in hân en op elk ear in tùt. Trije, dat dogge se hjoed de dei. (Werom trije? Sneu foar it iene ear want dy kriget mar ien.) Hawar, der sitte wy dan: it toetsenboard, it skerm en de mûs.
Wy binne op ‘e jierdei by Tiden hawwe Tiden. Hja is hjoed twahûnderd jier wurden. Sis mar twa hûnderd stikjes allyn is sy berne. En dat woe se mei ùs fiere mei kofje en Oranjekoeke.
We prate oer de tiid, hoe fluch dy gong is en wat wy sa al belibbe ha. Tiden hawwe Tiden ferhellet fan grappen, argewaasje en fertriet mar ek fan blidens. Alles wat in minske yn syn libben oerkomme kin. Wat is it gesellich. De mûs seit; “Komt er ek noch wat oars op ‘e tafel?”
En sa sitte wy efkes letter oan de Boerejonges en de Advokaat. Nùtsjes, woarst en de tsjiis hat se yn pantsjes dien.
“Hoe sjogge jimme de takomst?“, freget Tiden; “Moatte wy op de selde foet troch gean?” Alle trije sizze wy yn koar; “Salang it ark it docht en net ien fan ùs demint wurd… troch gean.”
It wurdt tiid dat wy nei hûs gean. It skerm wurd dizich, it toetsenboard hat de letters net mear op ‘e rige en de mûs wurd seuderich. Wat bin ik dochs wiis mei dizze maten. Hoe lang noch Tiden hawwe Tiden?
De tiid sil it leare…