“Ga je morgen mee naar Ikea? Als wij vroeg zijn kunnen we ontbijten voor één euro.”, seit myn freondin. En sa gean wy ier en betiid mei in roppich gefoel yn ‘e mage nei Grins. Myn man sei noch; “Moatte jimme earst net wat ite?” “Nè, wy wolle brea ite foar ien euro.“
En sa sitte wy in skoft letter tusken studinten en allinnich steanden. Waarme broadsjes en hurd seande aien binne net oan te slepen. “De iene sjenearje him net foar de oare. In eigentiidse voedsel bank.” tink ik by mysels. Mar gesellich is it mei al dy minsken fan ferskate pluimage… der genietsje ik fan. Mar it doel is ynkeapen dwaan, fansels. Sy, de freondin, wennet op in boerespul en hat fan alles nedich. Wat moat ik hawwe? Ik ha alles al.
Myn eagen falle op in stel moaie boarden, suver om ‘e nocht. Dat komt goed ùt want ik ha in rommeltsje yn de kast. Boarden fan undùdlike komôf fan famylje fan eartiids. As wy it ein yn de bek ha en gjin tsien mear telle kinne gean wy nei hûs. De nije boarden wurde opburgen en de boarden fan beppe stean wer op ‘e tafel.
Mar de moarnsbrogge hie ik foar gjin goud misse wollen.