Myn Momint
It is sneontemoarn betiid en osa stil om my hinne. Ik nim in bakje kofje en lês op myn gemak de Ljouwerter. Myn man en de hûn binne noch yn dreamenlân.
Dit is myn momint fan de dei nè fan de wike. De rèst is oerâl om my hinne. Gjin hastiche minsken dy op it lêste stuit noch mei de trein moatte. It parkearterrein foar en neist ùs is leech. Gjin lûd fan treinen as bussen as oar ferkear. Ik sjoch nei bûten, de twa fûgelhokjes binne al wer beset troch de Blokfink (Koolmees). De pearkes binne drok dwaande hun hûs rè te meitsjen foar bewenning. Bekjes fol mei âld smoargens smite se nei bûten.
Himmelje, it is maitiid. Die ùs mem dat èk nèt?
De kofje wurd kâld. De krante leit er hinne. De natûr hâld my yn de besnijing. Wolle jo retirearje, dat kin ek moarnsbetiid… thùs.
Thuis is heel veel mogelijk!
Blokvink een koolmees, dat wist ik niet. Friezen hebben soms prachtige woorden.
Dat fyn ik ek,ik kin my ùterje yn fertriet, blydens, lilkens mar ek seure en eamelje…
moarns betiid op saterdei is foar my (ek) in momint fan stilte en werrom sjen op in drokke wurkwike èn witte dat neat hoecht en alles kin 2 dagen it kredo is ;-)) hearlik.
In goed wykein tawinske!
Do ek mar goed ùtrèste en ek in goed wykein.