Reiskiste

Mei ik dy reiskiste fan jimme?“, freget ùs soan. Sûnt wy it op ‘e kop tikke ha seurt hy der om. Mar wy hawwe wat mei dy kiste.

By it opromjen fan in âlde pastorije kaam myn man er mei thus. Nei noch al wat beswier fan myn kant waard hy op souder set. En wat wie hy noflik. Alles koe ik der yn: dûnstekkens, holkessens en safuort hinne. En dan noch de histoarje fan dy kiste. Hy is fan fjurrenhout, hat in rûn deksel en is beklaaid mei sekkeguod. Yn de kiste sit âld bûnt behang. Ek sitte d’r koperen kopspikers yn it deksel mei de letters K.B. En it moaie dèr fân is: de eigner ha ik noch kinnen (Klaas Bijlsma). In grutte, yndrukwekkende man, by libben notaris fan Frentsjer en jierren belutsen by it keatsjen.

Ôfrûnne snein wie it wer safier; “Mem, mei ik dy reiskiste?
Wer wolst him del sette?“, freegje ik.
Yn de wenkeamer. Ik ha der al in plakje foar.
Nò,toe dan mar,” sis ik; “as sto dyn nocht hast komt hy wer thus. Nea ferkeapje!”  

En sa nim ik ôfskie fan K. B. It docht my mear dan ik tocht hie…

LÊS EK:  Ûnwennigens (2)
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>