Stavering
“Hoe fynst myn ferslach foar it tsjerkeblèd?“, freegje ik myn freon. Hy hat jierren Fryske les jûn en wit alles fan de nijste stavering. Somtiden sms ik him: “Wist sto hoe ik dat wurd skriuwe moat?“
Mar nò sit ik by him oan de kofje. It is altiid gesellich. Wy prate dan oeral oer. De polityk mar ek it barren fan de ôfrûne wike komt foarby. Hy ferhellet fan syn libben as dûmny en wat hy sa al belibbe hat. “Hoe fynst nò myn ferslach?“, freegje ik noch een kear. “De ynhâld gean ik nèt oer mar de stavering mankearret noch al wat oan. Ik soe mar es in pear lessen nimme by Afuk. En tink om de kapkes en de streekjes.“, seit er.
Ik rin nei hûs en tink by my sels: “Wèrom fyn ik myn eigen memmetaal sa dreech te skriuwen?“
Dus, minsken fan Afûk, de Fryske bewegings en oare taalwittenskippers: fal nèt oer myn flaters. It giet om de ynhâld, is ‘t net wier?
Ik ha http://www.wurdboek.nl op’e kompjoeter set, ‘k skriuw altyd yn’t frysk op hyves, facebook en twitter en de mails doch ik meastentiids ek yn’t frysk útsein nei de minsken dy t net lêze kinne. Wol maklik om dêr op te sjen as ik twifelje. Mar jo stikjes lêze noflik en ik steur my net oan flaters. Myn mem skriuwt ek altyd yn’t frysk mar brûkt noch in protte de âlde stavering. Sa hat se it yn Boarn leart op skoalle. As je mar begripe wêr’t it oer giet dan bin je al in hiel ein 🙂
De swirrichheid is by my de âlde stavering dy`t jimme mem ek leard hat, ik tink by de selde master.
Master Klaas Visser ien oere yn è wike. Wy sitte mei it ferline en om dy kwyt te reitsjen falt net mei (-)
de flaters steure my net màr falle my wol òp… en dat seit fansels alles oer my;-)))
Ik ben anders wel erg gesteld op die Fryske dakjes.
Wist wat wy sette der in streek ûnder en in ôfdakje is op syn tiid nèt ferkeard.
en sa is’t mar krekt! 😉
http://www.frysk-wurdboek.nl Dit fergeese digitale twatalige wurdboek mei syn 5000 downloads hat 4393 a-jouwerkes, in Fryske spraakkeunst, is foarsjoen fan alle ûnregelmjittige tiidwurden yn rychjes neistinoar en hat efter alle wurden tusken heakjes de fonetyske útspraak. Koartsein in stik bûter yn e brij! It fergruttet op in tige by tige wize de twatalige wurdskat fan eltse brûker. Boppedat is it wurdboek foarsjoen fan in soad synonimen, siswizen en net te ferjitten in soad idioom. Bytiden is it tige noflik as it wurdboek-ikoan op ’e taakbalk stiet! It soe moai wêze as eltsenien it bestean fan dit wurdboek trochjout oan famylje, freonen… Lês mear »