Peaskefjoer
“Kom je op mijn verjaardag?” freget myn freondinne; “Wy gaan een enorme berg hout opstoken.“
As rasechte Amsterdammers ha sy hun hjir ta wenjen set. Se kochten in ùtsloere pleats en mei ûneindich geduld ha sy oan it ferbouwen west. En noch is it net klear. Yntiid is har man ferstoarn mar sy giet stiif troch. Alles hat se har troch de tiiid eigen makke.Mitselje, seachje, laskje neat is har tefolle. En dan de bisten dat is by har it wichtichste dat is har libben. Se hat fjouwer bern mei oanhing en beppesizzers. En allegearre hiene sy hun hûn meinaam. Acht hûnen werûnder twa bisten ùt Portugal, fjirders wiene se fan ûndùdlike ôfkomst.
De âlste soan luts mei in kraan de beamen ùt de grûn en wy moasten meielkoar steapelje. Sa nò en dan skoftsje en dan wer los. Tsjin de jûn waard de bult hout oanstutsen. Myn freondin seach mei mankelyke eagen om har hinne. Wer binne de beamen bleaun dy sy en har man plante ha? Mar elkenien fynt dat it geweldich opknapt is en wat is it oprèdden. Wy jouwe ùs ùtpoept del. De hûnen mear dea as libben oan ùs fuotten.
Wat wie it in geselliche jierdei mar hoe soe ik my moarn fielle?