We geane sneon nei Ljouwert.” sei ùs mem tsjin myn suster en my. It wie hast Peaske en dan moasten wy nije klean hawwe.
Dat wie in feest mei de bus nei de sted, nei C&A. Want der allinne kochten wy de klean.
Der koene jo op de heegste etage lekker kofje drinke mei in gebakje erby. Sels ùtsykje wat wy moai fûnen wie der net by. Ùs mem makke ùt wat der kocht waard.
Se hie in goeie smaak hear, mar de priis stelde fêst wat it wurde moast. Gefolch wie dat wy yn`t tsjerke as bern allegearre de selde klean droechen. C&A hie in goeie omset hân.
Sa wie ùs mem al wiken oan it himmeljen. De kachel waard poetst en opburgen sa dat wy by tiden ferklommen. Se kocht in nije sjinematte. Dat dy se elke maitiid.
En dan de sneon, dy waard bestege oan it iten. Ùs heit die it fleis en it sop en ùs mem de stoofparkes en de sprùtsjes. Alles waard rè makke foar it Peaskefeest, hja wiene der klear foar.
Sels de natûr makke him klear en die de pronk oan.
Bin ik al rè foar it grutte barren wat Peaske eigentlik yn hâld?