Plôk de Dei
“Hat mem lèzen dat jimme goedkunde Jan ferstoarn is?” freget myn soan. Wol in heale ieuw ha wy him kinnen meien. It wie in tûzendpoat op it med fan de sjoernalistyk en de skiednis fan ùs wenplak.
Myn man hat jierren by in belizzingsclub west. Wat mear in gesellich manljus moetsjen wie wer `t praten waard oer polityk en wrâldbarren. Se hâlden hun gearkomsten oan hûs wat hiel gesellich wie. Wy as froulje mochten dan om barren opdrave foar in hapke en in drankje. Persoanlik ha ik doe in protte opstutsen oer allerhande saken. Want sis nò sels: manlju ha hiel oar praat dan froulju.
Sa ha ik jierren nei jierdeis moatten fan freondinnen. It praat gong dan oer skrandere bern, mode en de knappe skoandochters. Nò, ûnderhâld ik de kontakten op myn eigen wize en dat befâlt my best. It giet my om it minske en nèt om prestaasje as sukses. Want elts mins hat syn eigen ferhaal en boeiend om nei te hearren. Der sille altiid minsken wèze dy wy misse sille om wat sy oan ùs neilitten hawwe.
En sa lang Plôk de Dei en besiikje er wat fan te meitsjen. Ik doch myn bèst!
Zo is het, plukken zullen we!
Ik doe ook mijn best.
It ferstjerren fan in freon is, liket my, meastentiid it momint fan stil stean by de mooglikheden fan it libben, it ynfoljen derfan en foaral nèt by it moatten…
Dat is sa…