Tentoanstelling
“Hast ek noch in fergeesreizgjen kaartsje?” freget myn freon. Wy hawwe beide in abonnemint fan it spoor. “Der is in ymposante tentoanstelling yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. De titel is ‘Jodendom, een wereld vol verhalen‘.” En sa sitte wy yn de trein nei Amsterdam. Hy hat de tas mei broadsjes en ik de kofje. Want sok soart saken kin min yn de trein net mear tsjin komme. “En as ik nò nei it toilet moat, hoe moat dat dan? Want dat skynt ek net mear te kinnen.” seit er. “Dan dochst it mar yn de tas fan de broadsjes.” sis ik.
Wy komme by de Nieuwe Kerk en wringe ùs tusken de lange rigele besikers. Nei dat wy lâns allegear bewakingsminsken gong binne meie wy troch rinne. De tentoanstelling jouwt in oersicht fan trijetûzend jier skiednis fan de Joden. Mear dan fiifhûnderd opjekten ùt de hiele wrâld bin der by elkoar brocht. Sels in museum ùt Jeruzalem (wat sy noait dogge) hat oarspronkelike stikken ùtliend oan dizze tentoanstelling. Djip ûnder yndruk gean wy nei hûs. We geane yn de earste klasse sitten, dan kinne wy fan gedachten wikselje oer wat wy sjoen en opmurken ha. We sitte amper yn de trein as der ropt al immen dat wy stil weze moatte,want wy sitte yn in stilte kûpee (..)
‘Jodendom, een wereld vol verhalen‘
Ik kin it jimme oanride. Yndrukwekkend…
Mee eens! 🙂