“Wêrom moat elkenien mei fekânsje?” sei ùs mem altiid. Se hie in glandige hekel oan de simmerfekânsjes. Se fielde har dan allinnich en ferlitten. En dan wie sy ek noch yn de bouwfak jierdei.
Elk jier wer moasten wy as bern rekken hâlde hoe wy de fekânsjes yndiele moasten. Wiken foarôf begong se der al oer. Doe sy op leeftiid kaam begong se op ùs ferantwurdelikheid te wizen. “Ik bin in âld minske, hear. Tinke jim der wol oan?” “Der begjint se wer…” seine wy dan tsjin elkoar. Elk jier it selde geseur.
De parkearplakken om ùs hûs binne leech, de buorlju binne allegearre nei fremde oarden tein. Oan it kokenrekje hingje ferskate fremde kaaien fan hûzen om ùs hinne. Myn man en ik binne dizze wiken hûswarders wurden. We hawwe it er mar drok mei. We sjouwe mei wetter, meane en heine de post op. Wy fiele ùs ferantwurdlik mar hawwe it graach foar de minsken oer. Wannear soene hja weromkomme? Der komt in gefoel fan ferlittenens oer my.
Dizze dagen moat ik gauris oan ùs mem tinke…