Hiersferheging
Tusken de folders fan seksy ûnderguod, wenningynrjochting en tùnaksesoires leit in brief fan de wenningstichting. It skeelde amper as hy hie yn de papiercontainer sitten. Achternei besjoen hie dat better west mar ja, dan hiene wy dochs wer in nije krige want dy lju binne stânfest.
Hiersferheging melt de brief. Dat sil wol moatte want elke Nederlânder dy yn in hierhûs sit kryt san kadootsje. “Dat kin bèst sa wèze mar dan kinne hja ek op hun besit passe,” sis ik tsjin myn man; “ik ha al lang argewaasje fan ùs sùteriche foardoar.Ik moat mar efkes kontakt opnimme mei dy lju.” En sa besiikje ik ien oan de line te kryen. Mar dat is hjoed de dei net sa simpel mear. En dus stjoer ik mar in mail en liz de saak ùt.
En hoe is it mooglik? Amper ha ik de fingers fan it toetseboerd ôf as der wurd skille. Op myn fraach as ùs foardoar ek skildere wurre kin seit se; “Jo moatte noch in skoft wachtsje want dy hûzen wurde om `t de seis jier ferve.” “Mar,” sis ik; “ik wol jimme wol te mjitte komme. Kin ik net ferve krye yn de selde kleur? Dan doch ik it sels wol.” It is efkes stil. It frommeske wit eiglik net hoe se hjir mei oan moat. “Nò, wit jo wat?” sis ik; “Ik fervje mar dan gjin hiersferheging.” It petear hat neat oplevere.
Dus minsken… wa komme wol is wolkom mar wol troch in suteriche foardoar.
Ai, nu weet ik niet wat een suteriche voordeur is.
Eerst dacht ik de achterdeur. Maar die heet niet voordeur.
Kun je er geen plakplastic op doen? of een mooi groen stofje? Dat staat goed bij je schutting.