Momint fan Lok
Ik sit yn de tùn. It is deastil om my hinne. De minsken yn myn omjouwing binne der op ùt. Ik bin allinne. De fûgels hawwe it alderheislikste drok. De âlders fan it jonge guod fleane har de fearren ùt it gat: it is spitsoere. Mar alles giet mei uterste sekuerens. As mem blokfink mei in dikke rûp yn de bek har troch it gatsje fan it fûgelhùske wringt, sit heit der boppe op ek mei in bek fol, te wachtsje oant sy har jongen fuorre hat.
Wat ha ik der grutte bewûndering foar wat in dissipline. Efkes wurd de rèst fersteurtd en brekt de hel los: twa eksters komme lâns. Heit en Mem steane paraat en en al gau is it wer rèstich. De kat fan de buorlju docht syn deistich kuierke. Nei dat Max him rimpen fuort jage hat is it wer stil. In momint fan Lok; wat wol ik noch mear?
Sa mar yn ienen giet it troch my hinne:
Sels de mosk hat in wente fûn en
de swel in eigen nêst
dèr`t er syn jongen bergje kin
by Jo alters, Heare Almachtich
myn kening en myn God.