Online

Geachte heer/mevrouw, uw nieuwe factuur 
staat online.
 

Wêrom kry ik de rekkening net gewoan troch de brievebus?“, freegje ik my sels ôf. Mar hawar, it is de tiid tink ik mar. De banken, de belesting, de streamleveransier; sy wolle allegearre online. Ekonomysk besjoen skeelt dat in ein, fansels en it giet allegearre om de ekonomy hjoed de dei.

Ik gean online mar wat is it wachtwurd ek al wer? En de gebrûkers namme? Nò, dat is simpel mar wat ik er ek del set, ik bin en bliuw ûnbekend. Hoe kin dat nò? We binne al jierren by de selde leveransier. Dan mar myn achternamme en in oar wachtwurd. Mar wat ik ek doch; hja wolle my nèt ha. Ik skilje mei myn soan. “Mem hat gjin internet omdat it landelik plat leit.” seit er. Ik kry in goed gefoel oer my; it leit dus nèt oan my.

Mar dochs wat wie it eartiids ienfâldich. Ùs beppe hie it jild yn in sokke. Ùs mem hie in jildkistje. Ek koene jo efkes nei de lytse doarpsbank en de direkteur adviseare jo sels. Mar ja… tiden hawwe tiden… 

Dochs bin ik bliid dat ik yn dizze ieuw libje en alles op it med fan de technyk mei meitsje mei. Mar efkes myn soan skilje as hy syn âlde domme mem ek helpe kin.

LÊS EK:  Indy
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>