Begripe
“Mem begrypt my net.” De soan is in pear dagen thus. Wy prate dan oeral oer. We moatte de skea ynhelje. Hy wennet om ùtens dus ùs kontakt giet fia e-mail en sms. Sis nò sels: dan kin jo net oer grutte libbensfragen diskusjearje.
As wy skilje dan kinne wy hiel goed mei elkoar prate. Hy ferhellet oer syn dwaan en litten en ik fan myn kant fan it selde. Mar sitte wy tsjin oer elkoar dan giet it praat oer hiel oare dingen. Al gau sitte wy yn in fûleindiche diskusje. Oer leauwen, polityk en jildsaken. “Hoe kin dat nò?” freegje ik my ôf.
Wy hawwe ‘de selde knopen oan ùs jak’ mar tinke osa ferskillend oer allerhanne saken. Dat is logysk fansels want hy is jong en ik bin âld. Ik besiikje wier om him te begripen. Mar somtiden ha ik it gefoel dat wy nèt mear de selse kuiertocht rinne. Ik rin de Slachte en hy de Âlve stèddentocht as jo snappe wat ik bedoel. En yn it fjûr fan it petear seit hy dan; “Mem begrypt my net. Mem wòl my nèt begripe.“
“Ach, jonge,” sis ik dan; “ik wol graach in ein mei dy oprinne mar myn Tomtom jout in oare rjochting oan.”
Oer ien ding binne wy it iens; wy kinne nèt sûnder elkoar…
En sa is ‘t!
Het is – zoals gewoonlijk ;~) – weer een ontroerend stukje tekst.
miskien as de soan mèm begripe wòl, kinne jim beide it selde paad rinne… moai stikje, en tige werkenber,ek ik haw in soan dy`t it tinkt te witten;-))