It moat oars
“It moat oars,” sis ik; “it is my nèt nei it sin.”
In skoft allyn bin ik fan boppe nei onderen ferhùze. Ik ha it oer myn kompjûter. Wy hiene in sliepkeamer omboud ta kantoar mei twa buro`s en twa kompjûters. “Kreas.” soene jo sizze. Mar as ik dwaande wie baanden de jirpels oan as wy hiene ferbaarne woartels. “Dat ding moat nei onderen ta.” sis ik. “Nè wol?” seit myn man; “Dan kry ik gjin wurd mear fan dy.”
Dat kin dochs ek noflik wèze.
De kompjûter kaam yn de keamer mar wer moat hy nò stean? De iterstafel giet foar it raam. Alles wurd sa set dat ik noflik kompjûterje kin. “Mar as wy no iters krije?” seit hy; “Wer moatte die sitte?” “Dan nimme se it board mar op ‘e skoat.” sis ik. Nei in skofke bin ik wer oan it skowen; it deiljocht falt op it skerm.
“It moat oars.” sis ik.
De tafel moat oan de kant, de printer op de grûn en de kompjûter moat mei de kont nei it raam ta. Nei in protte gedoch stiet alles sa as ik it hawwe wol. Alhoewol? De doar giet iepen en wa komt der yn? Myn man mei syn kompjûter. “Ik wol ek yn de keamer. It is boppe sa ungesellich.” “Wer moat hy stean?” freegje ik.
Waar as gjin waar: wy sille bûtendoar ite moatte…