Tinkdei

Der falt in kaart troch de brievebus mei in wite roas der op. Ik pak him op. It sil wol in ùtnoeging wèze foar in barbeque dat hjoed de dei wisânsje is. As in ùtnoeging fan in breidspear dy hun sulveren as gouden brulloft fiere wol. Dat hat mei ùs jierren te krijen en komt gauris foar.

Mar it is wat oars. Ik doch de slûf iepen en ha it efkes dreech. Der stiet “Dei minsken. Hjir in kaartsje ta oantinken oan jim âldste soan. Moarn is it syn tsjerdei en sa`n dei bringt altiid in bulte oantinkens  mei oan him. Folle sterkte tawinske.”

Wat binne der dochs leave minsken …

Dizze kaart komt by de oare oantinkens yn in spesjaal album. 

LÊS EK:  De mem de frou
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>