Biste-leafde
It is trije oere yn ‘e moarntiid. Skril wurd ik wekker troch de hûn. Hy is tige obstinaat; der binne in pear katten oan it frijen. Dat mei fansels wol mar wèrom kin dat net yn stiltme sa as it heart?
It lûd wurd skeller. Ien fan beide, as se kinne it net iens wurde as se kinne it net foar elkoar krije… ik wit it nèt. Max is net mear te hâlden. Ik moat der mar ôf en lit him ùt. Dan brekt de hel los. Jammerjende katten en in blaffende hûn. By de buorlju giet it ljocht op. Yn it donker hear ik oan de oare kant fan it hûs in frou suskjen; “Sst. Ssssst. Ssssssst!“
Nei in skoft komt Max wer yn ‘e hûs. Hy is aardich tatakele. De earen hingje nei ûnderen en de stut hat in fremd model. Wat soe hy sjoen ha? Ha ik him wol genoch foarljochting jûn? Amechtich falt hy op de bank del en is foartendaliks yn dreamenlân.
En ik, ik doarmje troch it hûs en bin klear wekker. ‘Wat sil ik efkes dwaan?‘ freegje ik my ôf. ‘Wist wat?‘ skriuw mar in stikje oer biste-leafde; Der moat ik fêst slûch fan wurde.
Zo geschreven is het een echte thriller!
Geweldig filmpje, al mis ik de hond nu wel heel erg…
Hoe soe de hûn yn wèzen ùs sjen en oer ùs tinke? Dat woe ik graach witte…
Lastige….
Denk wel mn als voedselvoorziener. Eea is erg basis allemaal. Maar ook als aandachtgever, ook dat is belangrijk.
Was vandaag in Aldeboarn en Akkrum (Heit meegenomen naar zus, om daar nog even verjaardag van mij te vieren). Memoreerde je blog nog even.
Zus had/heeft het nooit zo op honden (Wodan van bakker de Jong) en jawel de hond van jullie kwam ook ter sprake: Pollie(y?) ieg wit/bruin.
Kwam zo boven, mooi toch… 😉
Wodan ha ik ek noch kinnen. Hy like ùterlik wol op syn baas bakker de Jong.