Brunch
“Beste Vrienden,
Naar aanleiding van mijn tachtigste verjaardag wil ik jullie uitnodigen voor een brunch van 12.00 tot 14.00 uur. Bij hotel Van der Valk in Wolvega.”
Myn freondinne wol har jierdei grutskalich oanpakke. Op myn fraach hoefolle minsken sy ferwachtet andert se; “Veertig. Maar it kunnen der ook meer zijn.“
“Moatte wy der hinne?” freget myn man. Hy is mear fan it soart sljochtwei hinne. “En wat hâld in brunch eigentlik yn?” “Nò,” sis ik; “der is gjin nè te keap.” Ik doch krèkt as bin ik yn de wrâld fan de brunch thùs. “Dò kinst wol 6 soarten sop krije -gjin snert fansels- en ik gjin grauwe earten mei spek. Dan ferskate slaatsjes en hiel wat soarten bôleguod. En dat kinst allegearre foart spiele mei sjampanje.“
“Soest der ek gewoan in pilske krije kinne en in nije hjerring?” “Ja, wis wol.” sis ik; “moast mar efkes mûskopje mei de ober. Dy begrypt dy wol.”
En sa sitte we in skofke letter mei de ietenspanne op ‘e skutte foar de tillevyzje. Wat wol in minske mear?