De ferfanger
Pûr lilk slacht hy op de toetsen fan syn kompjûter. “Gisteren opgehouden en vandaag al uit het systeem.” seit er.
Wy sitte by de hûsdokter. It is in ferfanger. De man hat wol tritich jier hûsdokter west yn ùs omkriten. En nò mei hy ynfalle foar kollega`s dy mei fekânsje geane. Sa binne wy by him telâne kaam.
Myn man hat noch tige lèst fan syn hûdoandwaning. Op myn fraach wat de reden is fan dizze kwaal, seit hy; “Dat weet ik niet, mevrouw. Het kan de lever zijn maar ook het bloed kan de boosdoener zijn. Ik zal meteen een afspraak maken met de huidarts.” We jouwe me koar de hân en winskje him in goeie tiid ta.
Sa sitte wy efkes letter by de kollega. In tige gystenman; hy hat amper tiid foar ùs. “U heeft iets verkeerds gegeten, mijnheer.” seit er; “Dat gaan wy samen uitzoeken“. En sa sitte wy yn de mûne fan it ûndersyk.
Yn myn tinzen bin ik by de ferfanger. Hoefolle bern soe hy op de wrâld holpen ha en hoefolle minsken hat hy by stien yn hun lèste dagen? Hy wie der altiid yn tiden fan bliedens en drôvens. Hy mei dan wol ùt it systeem wèze mar nea ùt de herten fan syn pasjinten.