Hûs te keap
“Ik ha in hûs op it each. Dat wol ik keapje.” sei ùs heit. “Nò al wer? Wy sitte hjir noch mar krèkt.” sei ùs mem dan. “Nè, mar it is grutter en deugliker.“
En sa ferfarren wy wer. Alles waard op in hânkarre setten. Mar foar dat it sa fier wie moast ùs heit in hiel trajekt ôflizze. Want jild wie der nèt om sa mar in hûs te keapjen. It koe wol fan de bank mar dan moast hy twa boargen ha. En sa wie altiid de bakker en de grienteman boarch.
Ik ha wol es heard dat sy foar hiel wat gesinnen boarch stiene (klantenbinding hjit it hjoed de dei). Ùs mem sei letter dat wy wol trettsjin kear ferhùze binne mar dat wie sterk oerdreun. It ferhùzjen barde allinne yn it selde doarp. Jammer genoch wie ùs heit nèt in sakeman en wy buorken altiid achterùt. It hûs waard op in lange doer allinne mar lytser en neazicher.
As famke woe ik letter altiid in hûs mei in foardoar dat hiene wy noch noait hân.
Yn myn tebektinken ha wy as bern altiid lokkich west yn wat foar hùske ek. En wat is nò wichticher?
De laatste, Ut Witte Hus, was wel een mooi plekje voor Mem… zie al de bloeiende (Hang)Geraniums nog voor me…