It hat luzen
“Dat soe ik nèt dwaan”, seit se. Ik sit op in bankje by it busstasjon. Ik bin oan de betiide kant en ha alle tiid om de reizgers te beskôgjen.
Yn ienen giet se neist my sitten. In frommeske fan om en de by de fjirtich jier. Mei in swiere sucht: “Ik ha fiif wike fekânsje. Wat bin ik der oan ta.” “Sitte jo yn it underwiis?” freegje ik har; “Wat foar fakken jouwe jo?”
“Ik bin administrateur en dat is tsjinwurdich o sa djipsinnich wurden. Ik bin bliid dat ik nèt in leerkrêft bin. It jongfolk fan tsjintwurdich is sa mûnich wurden. Se witte it better dan hun learkrêften“.
“Dat soe ik nèt dwaan.” seit se. Se knikt nei myn bosk roazen dy ik krèkt foar myn suster kocht ha. “Dat soarte sit samar onder lûs en binne it gjin luzen dan is it wol skimmel.” “Ja mar,” sis ik; “se wiene noch al prizich.” “Fuortsmite.” seit se; “Jo wolle dochs nèt dat it hûs fan jo suster ûnder de luzen komt.“
Lokkich is der myn bus. “In moaie fekânsje, hear!” rop ik har nei. Mei grut gebaar jou ik de roazen oan myn suster. “Tink er om, hear. Se binne fetber foar luzen.” “Bestean dy dan noch?” seit se; “Dy hiene wy dochs allinnich yn oarlochstiid?” “Dat wiene oaren.” sis ik; “Dat wiene flechtelingen“.
“Dit spul hat luzen.” seit se. Miskyn woe sy se sels hawwe. Je ha der tsjintwurdich sok fremd folk byrinnen…
“Dat wiene flechtelingen“.
Ik moast der best wol efkes om laitsje 😉