Opromje
Ik bin op ‘e souder en siikje om wat. Ik moat it hawwe, dat wit ik seker. Mar wer leit it nò?
Dèr leit fan alles. Boadtersguod, Lego, kraanweinen en autotsjes. Elk wykein as wy mei de boat fuort gongen kocht ik foar de iene in autotsje en foar de oare in stripboek. En dan de spultsjes noch. Doazen fol; Mens-erger- je-niet, Drie-op-een rij, Yahtzee… Jimme kinne dat wol. En dan wie der ien by, dy woe oars net as kaartspylje.
Al siikjend kom ik by de boeken. Ik gean op de knibbels lizzen en al gau bin ik de tiid kwyt. Boeken fan fan der Hulst dy ik op it krystfeest krige fan ôf myn tredde jier. Sneinskoalle boeken fan ùs jonges. Dierberre oantinkens. Ik moat fjirder en skow troch de rommel hinne. Opromje moat ik . Min seit wol es wat jo yn in jier net brûkt hawwe fuort dwaan. Werom bewarje wy alles, is dat it hawwen as is it nostalgy ? Ik ha fûn wat ik socht, moarn begjin ik wier te opromjen.
En sa kaam ik it gedicht tsjin fan Tine Bethlehem wert ik my hielendal yn fine kin.
Souder.
Ik romje de souder hjoed
libbenssolder.
Donderje. Grimmitich de brut fan de trep
foar `t gemak kniesd.
Opromje brokstikken loslitten ferve-flinters
sweve tusken it stof
sinne skitter kaleidoskopysk
kleurde snippers ta reinbogen.
Kin jo opromje, bewarje as loslitte?
Ik kin opromje,
ik wol bewarje
en kin en wol loslitte;-))