Ferealens
“Ik woe dy efkes fertelle dat ik in freon ha.” seit se mei laitsjende eagen. Se stiet by de foardoar. “Kom der mar gau yn en fertel.” sis ik.
Se kin amper op de stoel sitten bliuwe. In jier as wat allyn is se skieden fan har man. In beroerd houlik hat sy achter de rech. Mar dochs in libben allinne falt ek net mei. Se joech har oerâl by. Se gong nei dûnsjûnen en siet by de golfklub. Se hat him fûn en yngelokkich fielt se har.
“Ik ha wer flinders yn it liif,” seit se; “ik wit net wat my oerkomt. Dit gefoel ha ik yn myn hiele libben noait meimakke.“
In oare freondinne fan sa wat tachtich jier hat ek har gelok fûn by in man fan har leeftiid. By mienskiplike freonen ha se elkoar troffen en de fonk sloech oer. Sy hat in rollater en hy in automaat en alle dagen gean sy der op ùt.
‘Wat is dat dochs moai..’ tink ik by my sels. Dat er altiid noch minsken binne dy it oandoare om yn de jûn fan hun libben fereale te wurden. De minsken wurde tsjinwurdich âlder en der heard ek it gelok by. Ynkoartens komme de steltsjes op besite. Ik bin benijd .
Ik leauw dat elkenien hoe âld jo ek binne oandacht en tagedienens nedich hat, tinke jimme ek net?
ohjazeker!
Genegenheid heelt de mens.
Weet ik inmiddels uit ervaring, ook zonder vlinders (die vliegen toch weer weg)