Betrouwen is thuskommen
“Lokwinske, mem.“
“Wer mei?” freegje ik.
“Wit mem dat nèt? Jimme binne hjoed fjouwer en fyftich jier trouwd.” seit er.
“Nè, dochs?” sis ik.
Hoe ha wy it salang tegearre fol hâlde kinnen? Yn myn tinzen sjoch ik in dea senuweftich fanke op in hege stoepe stean. Fremde minsken hjitte har wolkom. Har oansteande breugeman triuwt har de gong yn.
“Soe se noch wêrom kinne?” flitst it troch har hinne. Mar ja, om yn in wite trouwjurk mei wale en nullehakken oer de dyk te fleanen is ek gjin opsje. Ferwezen sjocht hja om har hinne.
Dan falt har each op in Delftsk ierdewurken board dat boppe de trep hinget. Der stiet mei sierlike letters op: ‘Betrouwen is thuskommen.’
En sa is it fanke ùt ein set mei goede moed nei in ûnwisse takomst. Wy hawwe tiden kinnen fan hichtes en djiptes, blidens en fertriet. Stoarmen hawwe it libbenshûs hast omblaast. Mar it hûs wie op stevich fûnemint bouwd.
“Tank je wol, jonge. Ik gun dy en dyn broer ùt de grûn fan myn hert dat sèlde gelok.”
Fan herte lokwinske mei jim 54 jierrich houlik. Ik winskje jimme noch folle sûne en lokkige jierren ta.
Groetnis Sjoerdtsje de Vries
Leaf fan dy. Tige tank.
Mooi he. Goed voorbeeld.
Gefeliciteerd met zoveel jaar samen.
Dank je wel voor je mooie woorden.De kers op de taart komt nog de slagroom is niet meer wat geweest is…
Dat is in felisitaasje weardich! En wat hie ditselde faamke leart en wat fan berop hie se hawn as se fjouwer en fyftich jier letter berne wie?
Wat mar mei minsken te krijen hat. Domineeske as eigner fan in bisteasyl .Ik hâld fan minsken en bisten dus dèr tusken yn.
zonder slagroom komt de taart beter tot zijn recht.
Dit wie goed in moanne nei it ferstjerren fan ús mem. Myn praatmem. It wie net altyd like maklik en foar fertriet wie earst gjin romte as je de soarch fan je handicapte broer oernimme moatte en de boel ôfhandelje. Ik moast in soad leare, neitinke, útfine en ûnderfine en der wie ging ien om it mei te dielen. Ik waard mear as ús mem yn sommige opsichten. Jo binne oars as ús mem, mar libje mei de dei fan hjoed die ús mem ek mei alles wat it oanbelanget. It is moai om jo blogs te lêzen mei wat… Lês mear »