Oeral hingje spandoeken fan Veilig Verkeer op it Hearrenfean. ‘De scholen zijn weer begonnen.‘ stiet er mei grutte letters op. Op ‘e siden fan it spandoek stiet yn lytse letters: ‘Rij met je hart’.
Okkerdeis kaam ik trije famkes tsjin op it fytspaad. Mei hun trijen riden se neist elkoar. Der tsjin oer kaam ik oan fytsen en ik tocht: ‘Dy geane wol oan kant‘. Mar nè, se bleaunen neist elkoar riden. ‘Hoe moat ik hjir mei oan?‘ gong it troch my hinne. Jo binne tsjintwurdich al wat skruten om er wat fan te sizzen. Mar dochs rop ik doe ik tichterby kaam; “Mei ik er efkes lâns?“
“Hè, âld wiif. Gean es oan de kant, wy moatte der lâns!” roppen se en slop fan`t laitsjen ride sy fjierder. Foar dat ik it yn de gaten hie lei ik mei fyts en al yn de berm.
Wat wie ik pûr. It wienen dùdlik skoalbern mar nei welke skoalle gongen hja? As ik dat wist gong ik nei it haad fan dy skoalle. Mar ja, der binne hjir safolle skoallen. En nò sjoch ik dy spandoeken wer hingjen en moat ik tinke oan dit foarfal. Yn pleats fan de dielnimmers fan it ferkear te warskôgjen, kin better de skoaljeugd bybrocht wurde hoe it heart en oer respekt en sa.
De spandoeken mar by de skoallen ophingje en de jeugd der op wize ynpleats fan de folwoeksenen, tocht ik sa.
“Rij met je hart” Dat jild trouwens foar alle dielnimmers yn it ferkear, fine jimme ek nèt?
