Oerkaapje
“Sil ik jimme terras èk oerkaapje?” freget de buorman.
Hy hat achterhûs in sit makke mei in dak fan golfplaten. En as hy wat makket dan wol hy dat ek by ùs dwaan. Mar ik wol gjin dak boppe myn sit want ik moat de loft sjen.
As ik yn myn hoekje sit moarns betiid dan sjoch ik earst nei de loft. En as it helder is, is er fan âlles te sjen. Kloften fûgels dy hun rè meitsje om nei waarmere streken te gean.
Fleanmasines dy grutte wite sporen nei litte en ik my ôf freegje wer hja nei op wei binne. En wat foar minsken sy mei nimme. Soene hja op femyljebesite gean? As soene sy èk earne oerwinterje krêkt as de fûgels?
Sa bin ik dan oan it fantasearjen en kin gjin genoch krije fan dy prachtiche strakke blauwe loft.
Mar èk by in driigjende loft is er fan alles te sjen. Wolken dy mekoar foarby raze en oer mekoar hinne rôlje. Ach, sa kin ik wol in skofke troch gean en fjirder dreame. Mar de deistiche dingen skuorre my faaks yn de werklikheid wêrom.
Nè buorman; gjin oerkaping. Ik wol de loft sjen en dreame oer fûgels en fiere lânnen.
En samar yn iens komt er in sankje boppe driuwen: ‘Die wolken, lucht en winden wijst spoor en loop en baan …‘
U zijt een hemelspotter (ipv vliegtuigspotter).