Nitelich

In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank!

Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit  âldens? Sy kin wol  jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. Ik ferset my tsjin dat leeftiidgedoch.

Dèr hat ùs regear èk in hântsje fan en praat my nèt oer de hjoed deistiche maatskippij. De minsken wurde tsjintwurdich âlder. Lokkich soe ik sizze.

Ik bin it sèd om altiid mar wer oer rollaters, skootmobyls en elektrische ark te diskusjearjen. En foarâl dat geëamel oer de AOW. Allegear prachtiche sosjale foarsjennings, wat moasten wy sûnder dit alles? Mar âldens wat makket dat nò ùt?

Dit minske is al in bytsje minder nitelich nei dat se har galle spuit hat. Mar ik freegje dochs ek nèt op Facebook hoe âld de dielnimmers binne?

[klik ôfbylding foar grut]

LÊS EK:  Uniens
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>