Gearkomste
Nei dat wy troch de gasthear fan kofje en thee fersjoen binne nimt de foarsitster it wurd. Se hjit ùs wolkom. En om dat myn maat en ik nij binne komt er earst in rûntsje.
Om barren moatte wy ùs foarstelle. “Wa bisto? Wat dochsto? Wat is dyn achtergrûn?” Ik sit yn it fermidden. Mei eangstige eagen sjoch ik dat se hast oan my ta binne. Wat moat ik sizze? Ik wit neat oer my sels te fertellen.
Wylts se it rigeltsje by lâns geane bin ik oan it betinken wat ik sizze sil. It frommeske tsjin oer my ferhellet dat sy kanker hat en under behandeling is. De man der neist seit dat er skieden is en allinnich wennet. Der wer neist sit in frommeske dy krekt ûntslach krigen hat.
De freon jout my under de tafel in triuw en sisket; “Do moast.” Mei in reade kop sis ik wa ik bin. Hy fult myn ferhaal oan; hy kin my al langer dan ik my sels kin.
Wat ha ik dochs in glandige hekel oan dit soart gearkomsten. De iene fynt him sels wichtiger as de oare as soene hja yn it deistiche bestean nèt genoch oandacht krije? En dochs bin ik in part fan dizze mienskip en dan ha ik ek de morele plicht om my der foar yn te setten.
Dat hie ik better sizze kinnen. Dàt hie yndruk makke…