Finzenis
“D’r moatte trije tichthùzen ticht.” sei de minister. Wer ûnder Feanhùzen. Dat brocht my werom nei in foarfal fan eartiids.
Wy hiene do in kabaretploechje. Sa wie der ek in boer by. Hy koe geweldich moppen en grappen fertelle. Oeral gong hy hinne yn Fryslân. Hy hoechde mar op it podium stean te gean as de seal lei al plat. Mar op syn hichtepunt wie hy wol gauris fuort. Foaral de wykeinen.
As wy syn frou fregen wer`t hy wie dan sei se; “Eabele is oerspant. Hy is it wykein fuort om ta rèst te kommen.“
Mar dat kaam sa faak foar, dat joech argewaasje. En sa kamen wy te witten dat ‘r straf ùt sitte moast yn Feanhùzen. De plysje hie him in pear kear betrape mei drank op achter it stjoer.
Sa mocht hy, omdat hy boer wie, de sneon en snein ùtsitte yn de finzenis. Dat waard in grut sukses, sa wol foar Eabele, syn bewakers en oare finzenen.
Do hy syn straf ùtsitten hie frege hy de rjochter om ferlinging.
Der hiene se yn Feanhùzen noch noait fan heard …
Tja, mei sa in namme kin it ek net oars; tichthûs. Dat kin dochs net iepen bliuwe.
Wat ha wy in prachtige moaie taal nèt!
En dat is in feit.
Allinnich koe ik tichthûs net fyne yn de staveringskontrole. Wol ynrjochting en finzenis. Wer komt dat tichthûs wei?
Ik ha it ùt it fryske wurdboek
D’r binne dúdlik mear as ien wurdboek.
Ik ha in protte oan Fedde Schurer syn skriuwsels
neffens my betsjut tichthûs dochs tuchthuis? In soarte fan opfiedingsgesticht dus;-))
Tichthûs mar ek finzenis neffens it fryske wurdboek.
Miskyn moatte wy it Afuk freegje.