Fjoerwurk
Wy hawwe pine yn `t liif oer de kommende dagen. Ik ha it oer de knallerij.
Ùs Max is as de dea foar alles wat mar knalt. Al dagen doart hy net nei bûten. Regelmjittich tôgje ik him yn de tùn. Mar foar dat ik it troch ha is hy al wer yn hûs.
Ferskate minsken komme mei goeie ried oan setten. Ùs buorfrou seit; “Jimme moatte him in pantsje mei jonge jenever jaan. Mei in aspiryntsje. Dan ha jim der gjin bern -hûn- oan.”
Wy hawwe thus altyd hûnen hân mar ik ha gjin oantinkens oan bange hûnen. Ier en betiid ferstoppen se hun en nei in skoft kamen se wer foar`t ljocht. De katten seagen wy yn dagen net.
Dy karbidbussen fan doe wiene ek nèt om ‘e nocht fansels. Ùs soan giet mei de hûnen nei in “Stiltekemping”. Liket my neat. My te stil.
Ik gean nei de fèdokter en freegje him om ried. Max kriget piltsjes dy spieren ferslopje. As dat nò sa goed is? Mar de man sil it wol witte. Hy ha er foar leard.
“Sille wy mar in fles jenever oanskaffe? Dan ha ik er èk noch wat oan.” seit er.
Ik soe it nèt dwaan; spierferslappers. De hûn bliuwt namelik bij syn folle ferstân. Hij wurd dus wol bang mar kin d’r neat oan dwaan. Da’s noch folle slimmer.
Bisten libje yn it no, neijjiersdei is it grutste `leed` foarbij. Ik haw oeral muzyk oan, ik moat wurkje en dan hoop je ik mar dat de knallen ensa foar wat minder stress soargje.
Hoe dan ek, elts jier is it it selde ferhaal en oan`t no ta oerlibje wy it;-))).
Ek een handiche side: https://hondenbescherming.nl/nieuws/2012/12/28/verknal-het-niet-voor-de-honden/
Ik ha de Fjoerwurk pillen al yn it jiskefet smiten my te riskant.