Tien
Yn ùs strjitte hinget in grut spandoek. Mei foarse letters stiet er op: De Bèste Buur.
Tien is ferkeazen as de bèste buorman fan Fryslân. We binne as buorlju osa grutsk op him. It binne hurde wurkers, frou en dochters dogge like hurd mei.
Op alle merken stean se mei hun loempia`s. Moarns ier en betiid oant de neare nacht komt de kream it parkearterrein wer opriden. En dan moat alles noch skjin makke wurde foar de oare deis.
En al dat gewrot is foar de allerearmsten yn Vietnam. Se wolle de minsken oan in fytstaksje en reperaasje-ark helpe. De bedoeling is om dy minsken selsstânnich te meitsjen dat se net mear biddelje hoege.
Dy jûn klinke Friezen en Vietnamezen mei gleonehjitte glûhwyn op de allerearmsten fan Vietnam.
Set him op, Tien. Us Bèste Buur. Wy steane achter dy. [youtube width=”500″ height=”281″]http://www.youtube.com/watch?v=f5ltn4EbHmg[/youtube]