20.000.000
Tweintich miljoen! Dat soe moai wêze!
Eltse moanne falt er in steatslot op de doarsmatte. En altyd tsjin better witten yn rekkenje ik my ryk. Ik sjoch earst nei it lêste nûmer.
De sân hat myn foarkar. Wêrom wit ik net. Miskyn in hillich getal? Mar faaks stjoere se my op it ein in nul. Nò, dan witte jo foarùt al dat wurd neat. Ik sil es mei hun skilje dat ik allinne mar de sân wol.
De steat is ûnderwilens ryk fan my wurden. Al jierren doch ik mei. Dat moat in moai bedrag oplevere ha.
“Moast opsizze,” seit de man; “begrutlik fan it jild.” Mar de hope bliuwt. Wêrom ik nèt en in oar wol?
En intyd bin ik de miljoenen oan it ferdielen. De âldste soan woe graach syn flatsje opknappe. “Dat kin, jonge.” sis ik de oare moanne. De twadde soan wol it jild brûke foar syn sportfleanerij. De tredde soan… nò, dy hoech ik it net iens te freegjen. Der is èlk miljoentsje wolkom.
Foar ùs sels bin ik noch net ùt. Wy hawwe alles al. Nò ja: àlles? It meubilair is wat fersliten en it flierkleed wurd wat feal. In nije kompjûter soe ek net gek wêze. En sa bin ik oan it partsjen.
€7.50 hat it dizze kear oplevere. Wat moat min yn de goedichheid mei san skytbytsje yn dizze tiid fan recesje? De oare moanne… dàn komme de miljoenen. It moat dochs in kear gebarre ?
Jimme hearre der wol mear fan.
Ik hoech gjin miljoenen, hear. Ik nim dizze it wykein wol efkes mei nei hus. Ik bin sa gau tefreden.
http://www.tidenhawwetiden.nl/2012/08/te-let/
Ah, als je wint dan krijg je heel veel fans want wij (ik) willen graag een paar graantjes meepikken, is toch ook veel leuker om het met anderen te delen dan je eigen bankstel te vervangen en daar alleen op te zitten?
Of om op je geld te zitten?
De aldermoaiste dingen yn it libben binne fergees. http://9gag.com/gag/4215071
Oait ris bin ik ien tsjin kaam dy dreamde fan in maneezje mei kamielen as hy ryk soe wêze. Der wie ik net op kaam.
Zó helder van geest was ik nog niet. Maar ik vind dat toch een beter uitgangspunt, koop een bank om op je geld te zitten.