Fyftich
“Lokwinske mei dyn jierdei!” rop ik troch de telefoan. “Ja, dat sil wol.” seit er; “Mem wie der sels by.“
Hjoed op de kop ôf is hy fyftich wurden. Op 12 jannewaris 1963 krekt op de dei dat de âlve stêdentocht riden waard. Hy wie der samar. Ik hie de Japanske toffels noch oan.
Ik sjoch it noch foar my. Se wiene hel blauw mei grutte punten dy rjocht nei de himel wiisden. Ach, wat wie it in maklike befalling en sa noflik is hy altyd bleaun. Hy wie de middelste fan de trije. Ùs stjitkessen sizze wy wol es.
Hy heinde gauris de mieningsferskillen tusken syn sibben op. “Moast ek foar dy sels opkomme, hear!” sis ik wol es tsjin him. It is in stille rêstige jonge. Somtiden wit ik net iens as hy thus is. “Hoe tinkst stò der oer?” freegje ik him regelmjittich en krij gjin antwurd.
Ik blaas in gatsje yn it rùt dat ticht sit mei iisblommen want de âlve stêdentocht wurd ommers hjoed riden? En sa besiikje ik in gatsje te blazen yn syn wêzen, yn syn eigen tichte wrâld.
Folle lok, jonge! Do silst it nedich hawwe.[youtube width=”500″ height=”375″]http://www.youtube.com/watch?v=xcYP7YKPdTA[/youtube]
Wat een aerdich stikje. Tige tank, hear 😉
Lokwinske mei dyn jierdei, broerke. Dat wy elkoar altiid mar wer dwars sitte meie 😉
En de âlden fansels ek fan herte!
Soan TA, fyftich, fan herte! 🙂
Wat een mooi stukkie, met die sloffen aan,
en die warme toon.
Gefeliciteerd jullie allemaal!
Moai en leafdefol skreaun, fan herte lokwinske!