Ynterview
“Wol us memmeminske in ynterview oer my meitsje?” freget de soan. De rederij wol ferskate fan syn wurknimmers yn de spotlight hawwe.
“Nò is it myn beurt. Ik soe net witte hoe dat moast.” seit er.
“As stò my nò de handfetten jouste dan sil ik er wol wat fan meitsje.” sis ik. Mar dan komt de swierrichheid om ‘e hoeke. “Ik wit neat oer my sels te sizzen.” seit er.
“Wy begjinne by it begjin. Der bin ik noch fan op ‘e hichte.” sis ik. Dan komme mei biten en brokken syn libben en aventoerjen foar it ljocht.
Nei in hiele snein fan wrotten en wramen op de kompjoeter stjûr ik it nei him op. Al ridlik gau komt er reaksje . “Mem, it is nèt goed. Ik kin mysels der net yn fine. Dat bin ik nèt.”
Syn broer wurd er by helle. “Ik sil der wol oer gear.” seit dy. “En it bèste ferslach stjoert hy mar op.”
Sa prate wy ôf. Oan trije kanten wurd er nò oan wurke. Ik bin benijd. Wa fan ùs soe it bèste yntervieuw meitsje? It is stadich oan in wedstriid wurden tusken trije partijen. It is klear kaam mar wa hat it skreun en welke is it wurden?
“Wat fynst er fan?” freegje ik him.
“It is it beste ynterview dat oait west hat en oait komme sil.” seit er gnizend.
En wat hat ‘r no wun? 😉
Deze soan is een man van weinig woorden ;-).
Dat binne de beste 😉
Maar is het zijn eigen verslag wat gewonnen heeft?
Ja, hy hat syn slach wûn. Mar syn selsanalyze is noait grut west.