Kriminelen Dat sil se leare!

Wolle jo in stap te bek gean?” freegje ik de man achter my.

Ik stean foar de kassa yn in supermerk. It is kringen. Ik fiel de azem fan de man yn myn nekke. Hy mompelt; “Sorry.”, en giet in stap achter út.

Wat is dat wat hjoed de dei? Dat jo gjin minske mear betrouwe kinne. Us soan kaam mei stikkerkes thús en plakte ien op de foar- en achterdoar. “Wat betsjut dat?” freegje ik.

“Dat hâldt ynbrekkers bûten de doar.“

“Mar wer is dan de kamera?” Ik hie ek wol es wat heard. “Dy sit earne ferstoppe.“

“Mem moat nea har rekkennûmer jaan. Sawol foar de telefoan as op de kompjûter.” seit in oare soan; “En as it jûns tsjuster wurdt, de doar net mear iepen dwaan. Wy skilje wol as wy komme.“

“En as immen oerdei by de doar komt; earst freegje nei syn as har identiteitskaart.” seit myn man.

Wy fûnen es in man bûten westen by de foardoar. Wy hellen him yn hûs, joegen him kofje en in brogge. Wylst hong hy frjemde ferhalen op, dat wy sieten er hast by te gûlen.

Myn man fertroude it net en skille de plysje. Hy wie bekend by hun en moast in nacht de sel yn.

Ik ha eartiids mei krige om minsken te helpen, op wat foar wize ek. Mar kin dat hjoed de dei noch?

Dochs lit ik my net fan`t stik bringe. Kriminelen sille rekken mei my hâlde moatte.

LÊS EK:  "Wa wie ùs mem?"
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>