Wachtwurd Hoe gie dy ek alwer?

facebook

Hoe voel je je vandaag?” freget Facebook my. “Wat attint!” tink ik dan; “Wa soe dat no wichtich fine?”

“Je hebt er weer een nieuwe vriend bij.” seit hy efkes letter. No, dat is moai fansels, mar wa is dat dan?

“Je hebt een vriendschapsverzoek.” seit hy in noch in kear. Der moat ik mear fan witte.

Mar wat ik ek besykje: ik kin er net ynkomme. Myn wachtwurd doocht net seit er. De brûkersnamme, der kin it ek wol es oan lizze. En sa bin ik in skoft oan it griemen. Ik moat in nij wachtwurd oanfreegje fynt hy fan Facebook. “No, toe dan mar. As hy dat sa graach wol.“

Wat sil ik dwaan? Myn bertejier miskien? Nee, dat hoecht hy net te witten. Der binne grinzen fyn ik. It bertejier fan ús hûn… Dy ferjit ik net.

Einlik slagget it my en wurd ik akkoart befûn. Efkes opskriuwe op de efterkant fan de tv-gids, oars bin ik it wer kwyt.

Mar wa binne dy freonen dan? As ik no es siik wurd, de gryp krij as sa, soene hja dan ek lâns komme mei in boskje blommen? As sa mar ûnferwachts om in bakje kofje? Dan kin it wol es drok wurde!

Minsken, ik bliuw myn bêst dwaan mar ik ha tiid nedich om myn grutte freonenkring kenne te learen.

“Wer is dy telefyzjegids bedarre?“

“Och, dy leit by it âld papier.” seit hy.

LÊS EK:  Tegearre diele
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>