Akademy

pedicureDat hie ik fan my sels noait tinke kinnen mar ik sit echt op in akademy. Altyd al graach wollen. Mar it is net in akademy om te studeren. It  is de Noord Nederlandse Academie voor Pedicure opleiding.  

Ik bin frege as stùdzjeopjekt. Kwa lingte, gewicht en âlderdom fûnen sy my de ideale persoan. Nò, toe dan mar. It kostet neat. Dat skeelt.

En sa moat ik in protte fragen beàntwurdzje. Nei earst in blaudruk fan myn fuotten nommen te hawwen wurd ik yn in grutte draaistoel set. Ûnder de hannelingen troch giet myn stoel omheech en dan omleech.

Om my hinne sitte wol tweintich ‘objekten’ te wachttsjen op har beurt. Tusken al dy froulju sit ien man. Ferfeeld sjocht hy om him hinne, it duorret him fierste lang.

De iene nei de oare studinte komt by my lâns. It binne allegearre jong fammen dy pedikuere wurde wolle. In frommeske fan middelbere aldens giet foar my sitten. Se begjint mei sefte hannen myn fuotten te massearjen. Se fertelt dat se wachte hat mei de oplieding ta har bern grut genoch wiene. En as hja klear is begjint sy mei in eigen praktyk.

Stadichoan begjint it my yn te brânnen. Einliks kom ik nei trije ûren fan behanneljen stiif en krebintich oereinl. Ik hie better nei in striker gean kinnen, betink ik my.

Ûnderwilen siket myn man om it telefoannûmer fan Jaap Jongbloed. Soene se myn fuotten ferwiksele ha? It rint sa nuveraardich… 

LÊS EK:  Maarten
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>