Heechwetter
It is trije oere yn ‘e nacht. Wa giet nò nei bûten ta?
Ùs Max wurd in âld mantsje en kriget alderdomsferskynsels. Ik gean der al op lizzen. By it earste lûd stean ik by de achterdoor. Want skjin op him sels is hy altyd west.
Somtiden, tink ik wol es, dat hy net allinne in swakke blaas hat mar it in gewoante wurden is. Hy wòl `s nachts ùt litten wurde. It slimste is; hy hat alle tiid.
Troch in skreef fan it gerdyn sjoch ik in witiche skym troch de tùn fleanen. Fan achteren nei foaren, fan lofts nei rjochts. ‘Wer soe hy achteroan sitte?‘ freegje ik my ôf. Is it in stikelbaarch as de kat fan de buorren? It kin ek wèze dat it ôfpraat is mei in wyfke ùt de omjouwing, fansels.
Ik moat er mar hinne.
En sa stean ik eefkes letter yn te grutte toffels, yn in fremd jak, de pompeblêddenmûtse op, yn de snie. Bliid springt er my temjitte. Mei in plof giet er op syn kessen lizzen en is yn dreamenlân.
Ferklomme en klearwekker liz ik noch oeren te meallen …
‘t was gewoon een stikelbaarch hoor.
Lastig in de nachtelijke uurtjes voor een vrijpartij ,met al die stekels…