Prestaasje
It wie wèr safier; der wie wer ien jierdei. En as er wàt is wer `t ik in glandige hekel oan ha dan binne dat jierdeis.
Earst al alles yn hûs helje. De iene moat gjin drank ha mar spesiaal suertsjewetter. Dan binne der in pear fegetariers by dus gjin Fryske woarst. “Dan mar neat,” seit myn man; “lekker goedkeap.” Mar sa wurket it net by my: ik wol it eltsenien nei it sin meitsje.
Mar ik moat sizze: it is tige slagge. It wie yn ien wurd smout. Gesellich.
In part fan de fèste hap wie troch sykte as oars wat ferhindere. In freon dy wy yn wol tweitich jier net sjoen hiene kaam unferwachts ek lâns. In neef dy wy in pear kear yn`t jier sjogge wie der ek. De buorlju kamen er ek by. En it wie apart mar it selskip paste by elkoar. Oer polityk, leauwen en de ekonomy wiene wy it allegearre iens. Dat komt by ùs net faak foar.
We hawwe it wer hân. We binne wer mei alles op ‘e hichte oan `t de folgjende jierdei.
Myn libbenskammeraat is juster 84 jier wurden. Wat in prestaasje nèt!
Noch fan herte lokwinske mei de 84e bertedei fan jo man. Soe elkenien dat ha, tsjinsin oan’e drokte foar in jierdei? Ik yn elk gefal ek. Mar at jûns elkenien it nei’t sin hat is’t wol wer hiel gesellich.
Wokke,wat een mooie foto en een goed verhaal, er tegen op zien en dan valt het mee,beter dan andersom. Het vest dat je droeg op de foto is winters en origineel, jullie komen er goed voor of hoe zeg je dat in het fries……
Nienke
Het zou leuk geweest zijn als jij daar ook bij geweest was. Maar dat komt nog eens, hoop ik.
Prachtige foto! En nog de hartelijke felicitaties!
Moai beskreaun en osa werkenber;-))) dêrom haw ik jierdei ôfskaft!
Minsken komme as it harren en my past;-))
Hoe dan ek, lokwinske! Jimme binne in moai krêftig pear!
84, een gezegende leeftijd. Van harte, en nog vele jaren samen in gezondheid toegewenst.