Ûnnoflik
Ik fiel my de lêste tiid faak ûnnoflik. We hoeche moarns mar nei it nijs te harkjen as it is ien en al ellinde.
Sa as dizze moarn. In jonkje fan trettsjen fermoarde docht oan selsmoard. De hûshieren omheech of de soarchsubsydzje omleech. Yn Grinslân grûnskoddings.
De minsken binne ûngerêst en freegje hun ôf; komme der mear fan sok soart skoddings. Safolle wurkleazen teld ùs lân. Ensafuorthinne.
“Moast nèt nei it nijs hearre,” seit myn suster; “it giet om dy allegearre wol troch.“
Mar dat is by my it tsjinstridiche. Ik wol witte wat er om my hinne bard mar ek wer nèt.
“Oanharkje en by dy del fâlle litte.” seit myn man. En dat seit hy; hy is dejinge dy him it measte fan ùs beide opwine kin. Ik sjoch nei bûten. Dikke snieflokken falle nei underen.
Ach, wie it mar maityd. Ik ha er noch nea
san ferlet fan hân. Do èk?
Tusken de fleuriche stikjes fan Tiden hawwe Tiden ek es in jeuzel stikje …
It oan hearre èn it sûne ferstân brûke, is myn remeedjs tsjin al dat crisis`gedoch;-))! Goed wykein!
Tige tank foar de goeie rie ,ek in goed wykein.