Dan komt de maitiid
Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân.
Dan laket alles, alles ùs sa oan
De moaie maitiid mei syn blauwe loft,
is foar minsken en foar blom
grif it moaiste skoft,
is foar minsken en foar blom
grif it moaiste skoft.
Ik sit plat op`t gat op ‘e grûn en sjong sa lûd as it kin oer de maitiid. Ik bin de boekekast oan`t ôfstofjen want dat wurd heech tiid.
Ùs mem hûshimmele sa as dat eartiids wisânsje wie yn de maitiid. Lokkich binne dy tiden foarby. Dochs doch ik hjir en der in haal mei de stofdoek.
En sa kom ik Fryslân Sjongt tsjin. In boekje ùt 1950, de fjirde druk fan de Fryske Akademy. Hoe fierder ik kom hoe mear ik yn de tiid werom gean.
Bylden fan reiskes mei de bus as mei de fèwein fan Gebr. Visser gean oan myn each foarby. Nei de sânkûle fan Appelskea as de boarterstùn fan Oranjewâld. En altiid mar sjonge oer de Grouster Weagen, it âldershûs en sa fuort hinne.
Wa fan myn âldens kin it noch nèt foar de geast helje? Al bledderjend set ik Breidzjen yn,
`t Wie simmerdei, in moaie jûn.
Ik hie san nocht, koe alles tille.
Ach wat wie dat in romantysk sankje. Jo seachen it sa foar jo.
“Is er wat?” ropt myn man; “Hast help nedich?” Hy is op it lûd ôfkaam.
“Gjin sjongend folk op ierde wurd warleas wel.” seit Fryslân Sjongt.
Is dat sa?
Hiel werkenber dizze lieten. Ik ha 15 jier by dementerende âlderen wurke as activiteitenbegeliedster en fansels waarden dizze sankjes ek dagelijks song. Sels âlderein d’t al fier fuort wiene mei harren tinzen en amper mear reagearden diene dat wol op dizze ferskes. Elkenien dy’t wat âlder is kin ze wol liket my. Myn bern hoege je net mei soks oan te kommen; âlderwetsk. Se witte net wat se misse, wat jo.