Ferjierret
“Goeie en oant sjen, hè!”
De lêste fan de besite giet de doar ùt. We hawwe it wer hân foar in jier. Ik skop de skuon ùt en sigje op in stoel del. Myn man is al yn dreamenlân.
Ik sjoch it hear en fear es oer en tink; “Werom is er net ien op it idè kaam om mei op te rêdden?” “Oanpakke, dan kinst dy aansen wol del jaan.” sis ik tsjin mysels.
Ûnder wylts gean myn prakkesaasjes lâns de petearen fan de dei. Wy binne wer mei fan alles op ‘e hichte, dat ha jo sa mei sokke dagen. En it wie net altyd ôfwaait praat. In dochter dy `t skieden is, in skoanmem dy `t hommels ferstoan is.
Mar dan komt de twadde helte fan de jûn. De advokaat en de Beerenburg komme op tafel en de frituurpanne wurd oan set. De polityk en de ekonomyske delgong komt op it aljemint. “Minsken,” ropt er ien; “sille wy it es oer wat fleurigers hawwe?“ en dermei wurdt it noch in noflike jûn. Ûnderwilen ha ik de brot fuort wurke.
Mei de fuotten omheech nim ik noch in glêske en genietsje fan de stilte fan de nacht.