Kin it as kin it nèt
“Kin it as kin it nèt?” freegje ik myn soan.
Ik ha in stikje makke oer in goedkunde. Mar faaks bin ik yn twastriid: is it werkenber foar dy persoan.
En de lju sizze “dit giet wis oer Gurbe as Griet.” Minsken ha my yn de besnijing, dat is altyd al sa west.
Hja boeie my enoarm want der is net ien it selde. Kwa bûtenkant as binnenkant. Fan aard en struktuer. De iene hat it dreech en de oare dûnset troch it libben. De iene is blier en de oare in prottelkont. De iene smoart yn`t jild en de oare wit net hoe hy rûn komme moat. De iene is kreas en de oare ûnhimmel.
En safuorthinne. Wat is no moaier om der oer te skriuwen? It ferfeelt noait.
Ik kom ùt in doarp fan dèr myn ynteresse yn minsken tink ik. En dy eigenskip komt my no fan pas yn myn koarte skriuwsels. Dus minsken; ik ha it nèt oer dij as oer jo. Mar altyd oer in fiktyf persoan dy somstiden wier bestiet.
“Kin it as kin it nèt? Wat tinkst sto, jonge?“